Warns
Warns (útsprutsen as [va:i̯ⁿs]?, likernôch: Weins) is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân yn it westen fan 'e krite Gaasterlân. It is in langhalich lintdoarp op in lange balstienliemrêch dat fan it Johan Frisokanaal yn it noarden oant Laaksum by de Iselmar yn it suden rint. Troch dy lizzing is de wettersport foar Warns fan grut belang. It doarp hat in haven oan 'e Johan Frisokanaal, dêr't benammen jachtbou is, en ferskate jachthavens.
| Warns | ||
| Sicht op Warns | ||
| Emblemen | ||
| Bestjoer | ||
| Lân | ||
| provinsje | ||
| gemeente | ||
| Sifers | ||
| Ynwennertal | 755 (1 jannewaris 2023) [1] | |
| Oerflak | 11,15 km² (11,01 km² lân, 0,14 km² wetter) | |
| Befolkingsticht. | 69 ynw. /km² | |
| Oar | ||
| Postkoade | 8721 | |
| Netnûmer | 0514 | |
| Tiidsône | UTC +1 | |
| Simmertiid | UTC +2 | |
| Koördinaten | 52° 53' NB, 5° 24' EL | |
| Haven fan Warns | ||
| Sicht op Warns | ||
| Offisjele webside | ||
| Webstee fan Warns | ||
| Kaart | ||
| Kaart | ||
| De himrik fan Warns (grien) yn de eardere gemeente Nijefurd | ||
Warns hat 755 ynwenners (1 jannewaris 2023).
Geografy
bewurkje seksjeWarns leit op in lange bâlstienliemrêch dy't op guo plakken wol 7 meter boppe seenivo útstekt. It doarp Warns is in langhalich doarp fan krapoan 3 km lang en bestie fanâlds út trije buorrens: 't Noard (Noarderbuorren), de Tsjerkebuorren. 't Sou (Suderbuorren). De bebouwing yn 't Noard en de Tsjerkebuorren waarden ta kearnen fertichte, wylst 't Sou in lange streek mei losse bebouwing fan benammen pleatsen waard.
't Noard leit oan de Johan Frisokanaal en oan dat kanaal hat him de kom ûntwikkele. Dêr is in reedlik grutte haven en in stikmannich jachthavens. De Tsjerkebuorren of de súdlike kearn is de âlde kearn fan Warns mei de âlde Jehannes de Dopertsjerke.
Ta it gebiet fan Warns, ma oarspronklik net ta de himrik, hearre ek de buorskippen Laaksum en Skarl. Yn 'e Midsiuwen wie dêr ek noch it doarp en kapel Kappenburch of Karnewâld, dat letter opgien is yn de Warnzer Noarderbuorren. Ek de eardere buorskip Rea Skuorre foel ûnder Warns.
Skiednis
bewurkje seksjeNamme
bewurkje seksjeWarns wurdt foar it earst neamd as Wardesle yn 1245 yn in kopij fan 1132. Yn 1325 wurdt Werlize neamd en yn 1399 Waerlenze. Yn 1452 wurdt de hjoeddeistige fariant Warns foar it earst neamd, mar yn 1530 komme Werlens en Warrlens foar en yn 1579 Waens.
De âldste fariant, wol ferklearre as Wardas lauha, wurdt wol fan tocht dat dat om 'e efterheaksel -loo (boskje) giet fan 'e persoansnamme Ward. Dochs it is mear mooglik dat it om de efterheaksel -ingi (hearrende by), dat nei de Fryske evolúsje ta -enze feroare, mei de persoansnamme Ward, dy't as grûnbetsjutting "bewarder" of "hoeder" hat.[2][3]
Iere skiednis
bewurkje seksjeWarns bestie eartiids út twa delsettings op de pleistosene balstienliemrêch. De oarspronklike delsetting mei in tsjerke yn 'e Noarderbuorren fan Warns hiet fan Karnewald. Dat plak waardfoar it earst neamd yn oarkonden fan it Sint-Odulfuskleaster út 1132 en letter wer yn 1243 en 1245. In oare namme wie Cappenborch (1243) en letter Cappenburen. De registers fan de Abdij fan Werden hawwe it om it jier 1000 hinne oer in delsetting mei de namme Keddingrip.[4][5]
De tsjerke fan Karnewald moat al yn 'e 13e iuw ôfbrutsen wêze. Yn 1543 hie de pastorij fan Molkwar noch hieltyd lân yn Warns. [6][4] Oan de Warnzer Feart wie dêrnjonken in foarwurk fan it Sint-Odulfuskleaster, dêr't de oerbliuwsels yn 1969 fan opgroeven waarden. [7]
De Suderbuorren of Tsjerkebuorren ûntjoech him awat súdliker dêr't yn 'e 12e iuw in tsjerke mei dowestien boud waard.
Slach by Warns
bewurkje seksjeMen tinkt by Warns al gau oan de Slach by Warns (1345) doe't de Hollânske greve Willem IV de Friezen oanfalle woe. Hy kaam by Laaksum oan lân en besocht Starum fan efteren oan te fallen. Dat mislearre en de greve waard ferpletterjend ferslein en dêr't er sels by om it libben kaam.
Sytsmastins
bewurkje seksjeYn 'e midsiuwen stie noardeastlik fan de Suderbuorren de Sytsmastins, fan Jelmer Ottes Sytsma (boaske mei Ats Bonninga), en doe't Douwe Geales Galema yn 1490 dêr ek in stins bouwe liet wie der spul: De earste wie Skier, de oar wie Fet. Dat hat duorre oant Galema de stins fan Sytsma oermastere en ôfbrekke liet. Yn 2021 waarden, yn it ramt fan it oanlizzen fan 'e rûnwei om Warns-Súd, âlde kleastermoppen, en spoaren fan 'e fûneminten fan 'e stins fûn. Ek waarden der trije heakbussen en kanonskûgels fûn, dy't mooglik brûkt waarden by it belegerjen fan 'e stins.[8]
Skipfeart
bewurkje seksjeLettere ûntjouwings
bewurkje seksjeOant 1984 lei warns yn, oant 1851 de gritenij, de gemeente Himmelumer Aldefurd en Noardwâlde. Fan 1812 oant 1816 hiet de dy gemeente tydlik fan gemeente Koudum. Yn 1956 waard de namme feroare ta Himmeleumer Aldefurd. Yn 1984, nei de gemeentlike weryndieling kaam it doarp yn de gemeente Nijefurd, dy't yn 2011 opgie yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân.
Tsjerken
bewurkje seksjeWarns hat ferskate tsjerken. De oarspronklike tsjerke fan 'e Noarderbuorren, dy fan it eardere doarp Karnewâld, waard yn 'e 13e iuw ôfbrutsen. De oarspronklike tsjerke fan Warns, stiet yn 'e Tsjerkebuorren, is de Jehannes de Dopertsjerke dy't fan 'e 12e iuw is. Fan 'e oarspronklike tsjerke is allinnich de toer, boud fan dowestien. Yn 1682 waard de stjerke fernijd mei in sealtsjerke mei in trijekantige koer.
Yn 1892 waard der yn 'e Tsjerkebuorren in trijekantige grifformearde sealtsjerke boud. Dy hat in houten geveltuorke mei in spits. Ein 1999 sleat dy tsjerke, en waard omboud ta doarpshûs, dy't yn 2002 iepene waard.
Yn 'e Noarderbuorren waard yn 1665 in minniste tsjerke boud. Yn 1877 waard dy ferfongen troch de hjoeddeistige Minniste tsjerke. De tsjerketoer waard yn 1951 oanboud. Ek yn 'e Noarderbuorrem is de roomsk-katolike Sint-Jânskapel, in kapeltsjerke fan 1949.
Mienskip
bewurkje seksje
It doarpskultuerhûs yn de eardere gereformearde tsjerke út 1892 hjit De Spylder en it doarpshûs hiet De Treffe, dy't ek in gymseal hat foar ferskate sportferienings. It doarp hat ien feriening Doarpsbelang mei Skarl & Laaksum. De doarpskrante De Warnser Poarte ferskynt seis kear yn 't jier.
Der rydt in buertbus en der is in postagintskip. Warns hat ien skoallen, De Meiboom en it pjutteboartersplak hiet Us Sté. Der binne fiif buertferienings: B.V. 95 ('t Noard), Ald en Nij (Boppelâns), Meiïnoar ien (Janke Trompstrjitte en Kapelstrjitte), De Middenkrite en Fan See tot Zee. Begjin july wurdt yn Warns en omkriten de triatlon De Frysman holden.
Ferienings
bewurkje seksje- Aktiviteitegroep Sin en Wille
- Sult - teätergroep, opholden yn 2023
- Feriening fan Fryske Kristlike Plattelânsfroulju
- Frouljusferiening Froulju fan Hjoed
- toanielploech Warns
- Iisbaanferiening Warns
- De Lytse Súdwesthoeke - muzyk
- Fuotbalferiening QVC
- WSV - follybal
- WSV - gymnastyk, badminton en follybal
- Sportdoarp Warns
- damklub
- Stifting Natoer en Lânskip
- Wurkgroep Lytse Ule Fryslân
- Oranjeferiening Warns
- Biljertklup It Griene Lekken
- Tintefeest Warns
- Begraffenisferieneing De Lêste Eare
- Sjongoaren yn Warns:
- Net seure, mar sjonge
- sKoar
- Crescendo
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeGeboren in Warns
bewurkje seksje- Jan de Haan (1951-), komponist, dirigint, trombonist en muzykútjouwer
Strjitten
bewurkje seksje- 't Noard - buorskip 't Noard oan de noardkant.
- 't Sein -
- 't Sou - buorskip 't Sou oan de súdkant.
- Ats Bonninghawei - Ats Bonninga
- Boppelâns -
- Buorren -
- De Waske -
- Himmelumerdyk - dyk nei Himmelum
- Janke Trompstrjitte - Janke Tromp
- Kampenspaad -
- Kapelstrjitte -
- Klipper -
- Laaksum - buorskip Laaksum
- Nei de Feart -
- Op 'e Wâl -
- Pastorywei -
- Reade Wei -
- Skarl - buorskip Skarl
- Skarlerdyk - buorskip Skarlerdyk
- Tsjalk - nei in tsjalk.
Keppeling om utens
bewurkje seksje| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Warns fan Wikimedia Commons. |