Barsum
Barsum is in delsetting noardeastlik fan Lollum yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De buorskip leit oan 'e Tsjommer Feart dy't súdeastlik fan 'e buorskip rint. Oan oare kant de feart leit de terp Lopens mei de pleats Grut Lopens.
| Barsum | ||
| Bestjoer | ||
| gemeente | ||
| himrik | ||
| Oar | ||
| Koördinaten | 53° 7' 41" NB, 5° 32' 32" EL | |
| Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe namme komt ek foar as Beersuert, Berswert en Barzum. De útgong -wert komt fan "opwurpen hichte" en ber- soe komme kinne fan it Aldfryske ber - "slyk". Yn 'e 17e iuw waard it twadde part ferfongen troch -um, mooglik bard ûnder ynfloed fan Lollum, itjinge net in ûngewoan ferskynsel wie.
Sjoch ek
bewurkje seksje| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|