Frânsk
It Frânsk (français) is tredde op 'e list fan oantal sprekkers op 'e Romaanske taallist, nei it Spaansk en Portegeesk, wurdt it Frânsk sprutsen troch meiinoar 270 miljoen minsken. Foar sa'n 80 miljoen minsken is Frânsk de memmetaal. De boarne fan it Frânsk is it Latyn, mar der binne ek in soad Aldgrykske lienwurden yn 'e taal. Histoarysk sjoen hat it Frânsk trije foarmen hân: it Aldfrânsk, it Midfrânsk en it Nijfrânsk.
| Frânsk | ||
| algemien | ||
| oare namme(n) | gjin | |
| eigen namme | français | |
| lânseigen yn | Frankryk, Kanada bynamme yn Quebek, Nij Brunswyk en foar in part yn Ontario; Belgje; Switserlân; Libanon; Lúksemboarch; Monako; Marokko; Algerije; Tuneezje; Ivoarkust; Kongo; Niger; Senegal; Haïty; Laos; Kambodja; Fietnam. | |
| tal sprekkers | 270.000.000, dêrfan sa'n 80 miljoen memmetaalsprekers | |
| skrift | it Latynske alfabet | |
| taalsibskip | ||
| taalfamylje | Yndo-Jeropeesk - Italo Keltysk -Italysk - Latynsk Faliskysk - Latynsk - Romaansk - Frânsk | |
| dialekten | Berrisjoansk, Boerboneesk, Orléaneesk, Toerangaarsk, Kebekaansk | |
| taalstatus | ||
| offisjele status | yn tritich lannen in offisjele taal | |
| taalkoades | ||
| ISO 639-1 | fr | |
| ISO 639-2 | fre (B) en fra (T) | |
| ISO 639-3 | fra | |
Taalgebiet
bewurkje seksjeIt Frânsk is yn 30 lannen op ierde in offisjele taal.

Frânsk yn Europa
bewurkje seksjeFierwei de measte memmetaalsprekkers fan it Frânsk wenje yn Frankryk. Yn grutte dielen fan Belgje, Lúksemboarch, Switserlân en yn it uterste noardwesten fan Itaalje wurdt de taal troch memmetaalsprekkers sprutsen. De stedsteat Monako is folslein Frânsktalich.
Neffens in ûndersyk dat útfierd is yn opdracht fan de Europeeske Kommisje, wurdt it Frânsk troch 12% fan de ynwenners fan de Europeeske Uny as memmetaal praat (2012). It Frânsk is dêrmei nei it Dútsk (16%), Ingelsk (13%) en Italjaansk (13%) de fjirdgrutste Europeeske taal.[1]
Mei it Ingelsk en Dútsk is Frânsk ien fan de wichtichste amts- en wurktalen fan de Europeeske Uny. Dat leit ûnder oaren oan de posysje fan Frankryk as oprjochtingslid en oan de sprieding fan de ynstituten fan de Europeeske Uny yn Frânsktalige stêden lykas Brussel, Straasboarch en Lúksemboarch. Lykwols is it Ingelsk as wurktaal fanselssprekkender wurden as wurktaal. Dêrtroch wurde der hieltyd minder dokuminten direkt yn it Frânsk fêstlein.[2]
Frânsk bûten Europa
bewurkje seksjeBûten Europa wenje yn de Kanadeeske provinsje Kebek in soad memmetaalsprekkers. Sa'n 6 miljoen minsken, sa'n 80% fan de ynwenners, hawwe it Frânsk as memmetaal. Yn de provinsjes Ontario, Alberta, Manitoba, Nij-Breunswyk en Nij-Skotlân wenje noch mear Frânsketalige minderheden. Dêrtroch hat sa'n dik 20% fan de Kanadeeske befolking it Frânsk as memmetaal. Yn de Feriene Steaten wenje Frânsktalige minderheden yn Louisiana en Maine, mei-inoar inkelde tsientûzenen memmetaalsprekkers.

██ Memmetaal
██ Bestjoerlike taal
██ Ferkearstaal
██ Minderheden
Yn Afrika hat it Frânsk noch hieltyd in belangrike status as ferkears- en hannelstaal. Yn in protte Afrikaanske lannen is it Frânsk de offisjele amtstaal en spilet in belangrike rol yn bygelyks bestjoer, rjochtspraak en ûnderwiis. Sa hat de Demokratyske Republyk Kongo wol mear as 200 talen, 4 ynterregionale talen en it Frânsk as neutrale amtstaal dy't ek yn it ûnderwiis brûkt wurdt. Yn fierwei de measte Frânstalige lannen yn Afrika is it Frânsk dus de twadde of tredde taal. Der binne stêden lykas Abidjan (Ivoarkust) en Libreville (Gabon) dêr't it Frânsk troch in mearderheid fan de befolking as memmetaal sprutsen wurdt.
Yn de ferskillende oerseeske gebieten dy't Frankryk hjoed de dei hat, is it Frânsk de iennichste amtstaal.
Ynternasjonale amts- en wurktaal
bewurkje seksjeIt Frânsk is in amts- of wurktaal by ferskate ynternasjonale organisaasjes (bgl. de Europeeske Uny, Ynternasjonnale Olympyske Kommisje, Wrâld Hannel Organisaasje, Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje, FIFA, Afrikaanske Uny, ESA, Ynterpol ensfh.) en it is ien fan de seis offisjele talen fan de Feriene Naasjes en syn organisaasjes.
Skiednis
bewurkje seksje
Yn Galje wienen trije folken mei elk in eigen taal: De Kelten yn it midden (troch de Romeinen Galjers neamd), de Aquitani yn it súdwesten en de Belgjers yn it noarden. De Romanisearring fûn yn twa fasen plak. Mei it ûntstean fan de Romeinske provinsje Gallia Narbonensis waard it Latyn yn Súd-Frankryk yntroduseard. Fan 58 f. Kr. ôf ferovere Julius Caesar it noarden fan Galje yn de Gallyske Kriech. Nei de ferovering folge de fersprieding fan it Latyn nei it noarden.
De âldst oerlevere Frânske skriften komme út de 9e iuw. It âldste dokumint yn it Frânsk is it Unthjit fan Straasboarch, dy't nei alle wierskyn ek troch it gewoane folk begrepen wurde moast. Fan de 12e iuw ôf is der sprake fan in literêre kultuer. De measte Frânske teksten fan foar de 14e iuw binne skreaun yn de súdlike dialekten, it Oksitaansk as ek de Langue d'Oc. Yn it Edikt fan Villers-Cotterêts, dat yn 1539 opsteld is, waard it Frânsk as ferplichte bestjoerstaal ynsteld. Dat wurke yn it foardiel fan de Langue d'Oïl, de noardlike fariant fan it Frânsk, want it noardlike Parys wie doe al sa'n tûzen jier it nasjonale en sintrale bestjoerssintrum. Yn dy tiid waard, krekt as by oare Europeeske nasjonale talen, in begjin makke mei it standardisearjen fan de grammatika en it gearstallen fan wurdboeken.
Yn 1635 waard de Académie française oprjochte. Dêrmei krige de steat Frankryk it foech oer it standardisearjen fan de Frânske taal. De 'Gouden Iuw' fan it Frânsk wie de 17e iuw, benammen troch literêre wurken fan Corneille, Racine en Molière. Yn de 18e iuw makke it Latyn yn wittenskiplike publikaasjes hieltyd mear romte foar it Frânsk, wat geunstich wurke op de helderheid en krektens fan de taal.
De moderne Frânske stavering ûntstie, krekt as de Ingelske, gruttendiels oan 'e ein fan de midsiuwen. Sûnt is de útspraak bot feroare, dat de skriuwwize komt faak net mear oerien mei de sprektaal. Hja ferdútst wol de talige sitewaasje fan de midsiuwen. Doe waarden alle einletters ek noch útsprutsen (filles waard útsprutsen sa't it skreaun waard), de ai en de oi noch wienen noch wide twilûden en de ou klonk mear as oow.
Tiidrekken
bewurkje seksjeDialekten en farianten
bewurkje seksjeEuropeesk Frânsk
bewurkje seksjeIt ‘‘Standertfrânsk’‘ (français standard), basearre op it dialekt fan Parys, is de foarm dy't yn it ûnderwiis, de media en offisjele konteksten brûkt wurdt. Dêrneist binne der regionale aksenten yn Frankryk sels, lykas it Súd-Frânske aksent (accent du Midi) dat sterk beynfloede is troch it Oksitaansk en yn it easten aksint Elsass en Lotaringen.
It ‘‘Belgysk Frânsk’‘ en it ‘‘Switsers Frânsk’‘ hawwe harren eigen wurdskat, útdrukkingen en útspraakfarianten dy't ôfwike fan it Stânderfrânsk.
Kanadeesk Frânsk
bewurkje seksjeIt Kanadeesk Frânsk, benammen it ‘‘Kebeksk Frânsk’‘ (québécois), is de wichtichste net-Europeeske fariant. It hat him apart ûntwikkele sûnt de 17de iuw en ferskilt fan it Europeesk Frânsk yn útspraak, wurdskat en guon grammatikale eigenskappen. Sa brûkt it Kebeksk Frânsk in protte argäyske wurden dy't yn it Europeesk Frânsk net mear foarkomme. It ‘‘Akadysk Frânsk’‘, sprutsen yn it kustgebiet fan Kanada, is in aparte konservative fariant.
Afrikaansk Frânsk
bewurkje seksjeIt Afrikaansk Frânsk is net ien standertfoarm, mar in ferskaat fan regionale farianten. It Westafrikanaaske Frânsk (mei sawat 75 miljoen sprekkers), it Noardafrikanaaske of ‘‘Maghrebynske Frânsk’‘ (mei sawat 36 miljoen sprekkers) en de Yndyske Oseaanfarianten (Réunion, Mauritius, Seychellen) hawwe elk harren eigen klanken, wurden en grammatikale ynfloeden fan pleatslike talen.
De Académie française
bewurkje seksjeDe ‘‘Académie française’‘, stifte yn 1634 troch Kardinaal Richelieu ûnder kening Loadewyk XIII, is de offisjele wachter fan 'e Frânske taal. It orgaan bestiet út 40 permaninte leden, de ‘‘Immortels’‘, dy't beneamd wurde foar it libben. Harren wichtichste taak is de gearstalling fan it ‘‘Dictionnaire de l'Académie française’‘, it offisjele Frânske wurdboek. De Académie jout ek adfisen oer nije wurden, benammen as it giet om it ferfrânskjen fan Ingelske lienwurden: dat ynstitút stelde ‘‘logiciel’‘ foar ynstee fan ‘‘software’‘ en ‘‘courriel’‘ ynstee fan ‘‘e-mail’‘.
Bekende leden wiene ûnder oaren Voltaire (oansletten yn 1746) en Victor Hugo (1841). Opmerklik is dat grutte skriuwers lykas Molière, Gustave Flaubert, Émile Zola (dy't 24 kear ôfwiisd waard) en Jean-Paul Sartre nea lid wurden binne.
Taalpriuwke
bewurkje seksjeUniversele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske:
| “ | Ils sont doués de raison et de conscience et doivent agir les uns envers les autres dans un esprit de fraternité. |
” |
„Alle minsken wurde frij en gelyk yn weardigens en rjochten berne. Hja hawwe ferstân en gewisse meikrigen en hearre har foar inoar oer yn in geast fan bruorskip te hâlden en te dragen.“
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksje- Frânsk-Frysk Frânsk
| Dizze taal hat syn eigen wikipedy. Sjoch de Frânske ferzje. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
