Malbork (Dútsk: Marienburg) is in stêd yn it noarden fan Poalen, yn it woiwodskip Pommeren. De stêd leit oan 'e rivier de Nogat, in earm fan de Wisla, en is it haadplak fan 'e provinsje (powiat) Malbork.

Malbork
Riedshûs
Riedshûs
Symboalen
Bestjoer
Lân Poalen
WoiwodskipPommeren (Pomorskie)
Sifers
Ynwennertal36.709 (2024)[1]
Oerflak17,15 km²
Befolkingsticht.2.140 ynw./km²
Hichte6 m
Oar
Stifting1274 (stedsrjochten yn 1286)
Postkoade82-200 oant 82-210
Netnûmer(+48) 55
TiidsôneUTC+1
SimmertiidUTC+2
Offisjele webside
www.urzad.malbork.pl
Kaart
Malbork (Poalen)
Malbork
Lokaasje fan Malbork yn Poalen

De stêd is ferneamd fanwegen it Slot Marienburg, it grutste bakstiennen gebou fan 'e wrâld en ien fan 'e grutste fêstings yn Jeropa. It kastiel waard yn 'e 13e iuw boud troch de Dútske Oarder (de Krúsfarders) en tsjinne fan 1309 oant 1457 as residinsje foar de Grutmaster fan 'e oarder. Sûnt 1997 stiet it kastiel op 'e Wrâlderfgoedlist fan UNESCO.

Kastiel.

De skiednis fan Malbork is nau ferbûn mei de Dútske Oarder. Nei de stifting yn 1274 groeide it plak rap en it krige yn 1286 stedsrjochten. Yn de Trettinjierrige Kriich (1454–1466) foel de stêd yn hannen fan 'e Poalske kening. It kastiel waard troch de Dútske Oarder yn ûnderpan jûn oan harren eigen hiersoldaten om skulden ôf te beteljen, dy't it dêrnei wer trochferkochten oan 'e Poalske kening.

Nei de earste Poalske dieling yn 1772 kaam Malbork by Prusen te hearren. De stêd bleau Dútsk oant de ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch yn 1945. Yn dy oarloch waard de stêd foar in grut part (likernôch 80%) ferwoastge by swiere gefjochten tusken de Wehrmacht en it Reade Leger. Nei de oarloch waard de stêd ûnder Poalsk bestjoer set, de Dútske befolking waard ferdreaun en de namme waard offisjeel feroare yn Malbork.

Hjoed-de-dei is it toerisme de wichtichste ynkomstenboarne foar de stêd, mei tank oan 'e miljoenen toeristen dy't alle jierren in besite bringe oan it kastiel. Dêrnjonken hat de stêd wat lichte yndustry en in wichtige sûkerfabryk. Troch de lizzing oan it spoar tusken Warsjau en Gdańsk is de stêd ek in wichtich ferkearsknooppunt yn 'e regio.

Njonken it kastiel hat de stêd noch in pear monuminten dy't it besjen wurdich binne:

  • Yn 'e Alde Stêd stiet it goatyske stedshûs út de 14e iuw (boud tusken 1365 en 1380). Hoewol't de omjouwing yn 'e Twadde Wrâldkriich swier skansearre en net werom te kennen is, is dit bakstiennen gebou bewarre bleaun. It hat in karakteristike trepgevel en jout in goed byld fan 'e midsiuwske arsjitektuer fan 'e stêd.
Pottebakkerspoarte.
  • De Marijepoarte en de Pottemakkerspoarte (Brama Mariacka i Brama Garncarska) binne de twa oerbleaune stedspoarten dy't ûnderdiel wiene fan 'e âlde fêstingsmuorren. Se binne 14e-iuwsk en ferbine it kastiel mei de histoaryske binnenstêd.
Sint-Jan de Dopertsjerke.
  • De Sint-Jan de Dopertsjerke (Kościół św. Jana Chrzciciela) stiet tichteby it kastiel en is boud yn 'e bakstiengotyk. De tsjerke is ien fan 'e âldste tsjerken fan Malbork en hie yn 'e tiid fan 'e Dútske Oarder in wichtige religieuze funksje foar de boargers fan 'e stêd.
  • It neogoatyske treinstasjon út 1890 is ien fan 'e moaiste histoaryske stasjons yn dit part fan Poalen.
  • Foar famyljes mei bern is it DinoPark oan 'e râne fan 'e stêd in besite wurdich. Njonken de bewegende dinosauriërs is der in lytse bistetún en in "5D"-bioskoop.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: