Cranendonck
| Cranendonck Croanendonk | |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
|
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
| |||||||||||||||||||||||||||||||||||||
Cranendonck is in gemeente yn 'e provinsje Noard-Brabân. De gemeente hat 21.048 (1 jannewaris 2024) ynwenners op in oerflak fan 78,14 km². De gemeente Cranendonck makket diel út fan 'e Metropoalregio Eindhoven. De gemeente wurket mei de gemeenten Heeze-Leende en Valkenswaard gear yn in gearwurkingsferbân.
Plakken
bewurkje seksje| Offisjele namme | Lokale namme | Ynwennertal |
| Budel (haadplak) | Buul | 9.765 |
| Maarheeze | Máres | 5.120 |
| Budel-Schoot | Schoot | 2.155 |
| Soerendonk | Zurrik | 1.810 |
| Budel-Dorplein | Dorplein | 1.405 |
| Gastel | Gastel | 760 |
Skiednis
bewurkje seksjeDe earste skreaune skiednis fan Cranendonck giet werom op it jier 1318 mei't maarskalk Pekrionimus "Poolus" den Cranendonck doe yn it hjoeddeiske Cranendonck kaam. Hy soe dêr letter lânfâld wurde en syn hûs "Cranendonck" neame. De krite soe de namme Cranendonck lykwols earst yn 1997 legaal brûke. De gemeentenamme komt fan it kastiel Cranendonck, dat mooglik al yn 'e 13e iuw bestie en it bestjoerlike sintrum wie yn it gebiet.
De gemeente Cranendonck ûntstie op 1 jannewaris 1997 troch in fúzje fan 'e gemeenten Budel en Maarheeze (sûnder Sterksel). De doarpen Budel, Budel-Dorplein, Budel-Schoot, Gastel, Maarheeze en Soerendonk ha al sûnt lang in soad mienskiplik. De dialektfoarmen binne: Buul, Dorplein, Schoot, Mares en Zurrik. De útspraak fan Gastel is itselde.
De dûbele earn yn it wapen ferwiist nei de Cranendonck-tûke fan it Hûs Horne. De kraanfûgel yn 'e gemeenteflagge docht tinken oan 'e natuerlike omstannichheden fan doe. It oranje fan 'e stillearre kraanfûgel yn 'e troch de gemeente brûkte hûsstyl ferwiist nei it Hûs fan Oranje; kening Willem Aleksander draacht de aadlike titel Baron van Cranendonck.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
| Gemeenten yn Noard-Brabân | |
|---|---|
| Alphen-Chaam - Altena - Asten - Baarle-Nassau - Bergeijk - Bergen op Soom - Bernheze - Best - Bladel - Boekel - De Bosk (haadstêd) - Boxtel - Breda - Cranendonck - Deurne - Dongen - Drimmelen - Eersel - Eindhoven - Etten-Leur - Geertruidenberg - Geldrop-Mierlo - Gemert-Bakel - Gilze en Rijen - Goirle - Halderberge - Heeze-Leende - Helmond - Heusden - Hilvarenbeek - Laarbeek - Lân fan Cuijk - Loon op Zand - Maashorst - Meierijstêd - Moerdijk - Nuenen, Gerwen en Nederwetten - Oirschot - Oisterwijk - Oosterhout - Oss - Reusel-De Mierden - Roosendaal - Rucphen - Sint-Michielsgestel - Someren - Son en Breugel - Stienbergen - Tilburch - Valkenswaard - Veldhoven - Vught - Waalre - Waalwijk - Woensdrecht - Zundert | |

