Port Elizabeth, gauris ôfkoarte ta P.E. en sûnt 23 febrewaris 2021 offisjeel Gqeberha (útspr. [ᶢǃʱɛ̀ɓéːxà], sterk ferienfâldige: "g'heb-ee-cha") is in stêd yn Súd-Afrika. Yn it Afrikaansk neamt men Port Elizabeth Die Baai, yn it Ingelsk sprekt men ek wol fan The Bay, yn it Sûlû is de namme Bhayi en yn it Kosa Gqeberha of ek wol iBhayi. It is de grutste stêd fan de provinsje East-Kaap en de tredde neffens grutte havenstêd fan it lân.

Port Elizabeth
Gqeberha
   Plak yn Súd-Afrika
It stedshûs en marktplaats fan Port Elizabeth
It stedshûs en marktplaats fan Port Elizabeth
Bestjoer
LânSúd-Afrika
ProvinsjeEast-Kaap
GemeenteNelson Mandelabaai
Sifers
Ynwennertal312.392 (2011)
Stêdekloft1.152.915 (2011)</snall>
Oerflak251,03 km²
Befolkingsticht.1.244 ynw./km²
Hichte0–60 m
Oar
Stifting1814
Postkoade6001
Netnûmer+27 41
TiidsôneUCT+2 (SAST)
Koördinaten33°57'SB, 25°36'EL
Offisjele webside
www.port-elizabeth-info.co.za
Kaart
Port Elizabeth (Súd-Afrika)
Port Elizabeth
Lokaasje yn Súd-Afrika

Port Elizabeth waard stichte yn 1820 troch Rufane Donkin en der kamen 4000 Ingelsken te wenjen. Hy neamde de stêd letter nei syn frou Elizabeth (net nei Elizabeth I, wat in soad minsken tinke). Yn de Twadde Boere-oarloch waard yn 'e stêd in konsintraasjekamp foar Boeren (Afrikaners) boud, dat hjoed-de-dei noch te besjen is. De stêd hat ek in fleanfjild. Dat fleanfjild is allinne foar ynlânske flechten bedoeld. Men is al in jiermannich dwaande mei it ynternasjonalisearjen fan de lofthaven en der wurdt ferwachte dat dit dan yn in pear jier it fjirde ynternasjonale fleanfjild wêze sil, nei Kaapstêd, Johannesburg en Durban.

Yn 2010 wie Port Elizabeth ien fan de stêden dêr't it WK fuotbal spile waard.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Port Elizabeth fan Wikimedia Commons.