De Okavango is in 1.700 kilometer lange rivier yn it súdwesten fan Afrika, dy't troch Angoala en Namybje nei Botswana streamt. Unyk oan 'e Okavango is dat er net yn see útmûnet, mar yn it sân fan 'e Kalahari-woastyn. Dêr foarmet de rivier de ferneamde Okavango-delta, ien fan 'e rykste en grutste ynlânske deltasystemen fan 'e wrâld.

Okavango
De Okavango-delta
De Okavango-delta
geografy
lânAngoala, Namybje, Botswana
ûntspringt ynIt Heechlân fan Bié
lokaasje boarneSintraal-Angoala
mûnet út ynOkavango-delta (ferdampt yn 'e Kalahari)
lokaasje mûningBotswana
plakkenMenongue, Rundu, Shakawe, Maun
sydstreamenCuito
sifers
lingte1.700 km
hichte boarne1.780 m
hichte mûning930 m
ferfal850 m
maks. breedtewikselet sterk
ôfwetteringsgeb.530.000 km²
ôffier (mûning)475 m³/s (gemiddeld)
kaart
De Okavango-delta
It streamgebiet fan 'e Okavango.
Popa-wetterfal.

De rivier begjint yn Angoala ûnder de namme Cubango. Fierder nei it suden foarmet de rivier in part fan 'e grins tusken Angoala en Namybje. Dêrnei streamt de rivier troch de saneamde Caprivistripe fan Namybje nei Botswana. Tichteby it plakje Divundu is der in streamfersnelling en falt it wetter oer kwartsytrotsen oer in breedte fan likernôch 1 km 3 oant 4 m nei ûnder. Dy streamfersnelling wurdt de Popa-wetterfal neamd.

As de rivier yn in leech diel fan 'e Kalahari-woastyn streamt, foarmet de stream in ynlânske delta. De flakte wurdt dêr feroare yn in útwrydsk sompich gebiet fan 6.000 oant 15.000 fjouwerkante kilometer. Alle jierren streamt der likernôch 11 kubike kilometer wetter de delta yn. It measte wetter (mear as 95%) ferdampt of ferdwynt yn it sân of wurdt opnommen troch de planten, wylst noch in lyts diel yn 'e Ngami-mar streamt. De Okavango is dêrmei in grutte rivier dy't folslein yn it lân "stjert".

Yn 'e simmer (jannewaris/febrewaris) falt yn Angoala de rein. It wetter hat moannen nedich om yn 'e delling troch te kringen. Yn 'e wintermoannen (juny/augustus) is de delling op syn wietst. Dat makket it gebiet ta in oäze foar bisten as de rest fan 'e regio útdrûge is.

De Okavango is fan libbensbelang foar de ekology fan it gebiet. Der libje tûzenen bisten lykas oaljefanten, nylhoarsen, krokodillen en hûnderten fûgelsoarten. It meastepart fan 'e delta falt ûnder it Moremi Wyldreservaat.

Angoala, Namybje en Botswana wurkje gear yn OKACOM (The Permanent Okavango River Basin Water Commission) foar in goed wetterbehear. Angoala en Namybje hawwe plannen (hân) om dammen foar yrrigaasje oan te lizzen, itjinge in gefaar betsjutte kin foar de wetterstân yn 'e delta.

Wrâlderfgoed

bewurkje seksje

De Okavango-delta wie yn 2014 de 1000e ynskriuwing op 'e list fan it wrâlderfgoed fan UNESCO.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Okavango Delta fan Wikimedia Commons.