Keningseider
De keningseider (Somateria spectabilis) is in fûgel yn it skaai fan eiders út 'e famylje einfûgels (Anatidae). De fûgel libbet yn it hege Noarden en stiet bekend om de opfallende ferskining fan 'e jerk.
| keningseider | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Somateria spectabilis | ||||||||||||
| Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
wintergast |
Ferskining
bewurkje seksjeDe fûgel hat in lingte fan 55 oant 63 sintimeter, in spanwiidte fan 87–100 sintimeter en weaget 1,5 oant 2,1 kg.

De jerk hat fan 'e lette hjerst oant de iere simmer in ljochtblauwe oant pearelgrize krún en nekke, mei ljochtgriene wangen. Syn snaffel is readoranje mei in ljochte punt en hat in fel oranjegiele knobbe by de foarholle, dy't mei in swarte râne ôfset is. It boarst is ljochtrôze oant krêmkleurich. De rêch en de rest fan syn lichem binne foar it grutste part swart mei wite plakken op 'e flanken en de foarwjuk. Op 'e rêch steane twa karakteristike swart trijehoekige fearkes rjochtop, dy't wat ha fan lytse silen. Oan 'e ein fan 'e simmer oant de iere hjerst ferliest de jerk syn opfallende kleuren by it ferfearjen. Hy is dan donkerbrún en liket in soad op it wyfke. Ek de knobbe wurdt lytser en kriget tsjustere plakken, wylst de snaffel bleker wurdt. It jerkje bliuwt lykwols te ûnderskieden fan it wyfke troch de wite plakken op 'e foarwjuk en faak in wyt plak by de sturt.
It wyfke hat in waarmbrún oant readbrún fearrekleed mei tsjustere plakjes op 'e fearren, dy't har in skobbich patroan jouwe. Har snavel is griis oant griisgrien en troch de foarm fan 'e snaffelrâne liket it as glimket se.
Pykjes sitte goed yn it donkerbrún oant griisbrún dûns. Under en op it boarst binne se ljochter fan kleur. Se ha in donkergrize oant swarteftige snaffel. Jonge mantsjes lykje yn harren fearrekleed op it wyfke.
Fersprieding
bewurkje seksjeKeningseiders briede op 'e Arktyske tûndra en oan 'e kusten fan 'e Noardlike Iissee yn Alaska, Kanada, Grienlân en Euraazje (Noard-Sibearje, Nova Zembla, Spitsbergen en dielen fan Noard-Skandinaavje).
Bûten de briedtiid libje de fûgels op 'e iepen see, fakentiden oan 'e râne fan it pakiis, fan Súd-Grienlân en Labrador (Kanada) nei it suden oant de Amerikaanske steat New England. Yn Europa oerwinterje se by Iislân en oan 'e Noarske kust. Yn 'e Stille Oseaan binne se fan 'e Beringsee en de Aleoeten oant de kust fan it Kamtsjatka-skiereilân en Alaska te sjen. Yn Nederlân wurde se út en troch as dwaalgast waarnommen. Winterdeis kinne se ûnbidich grutte kloften op see foarmje fan tûzenen fûgels byinoar, lykas foar de westkust fan Grienlân.
Briedgedrach
bewurkje seksje
De keningseider briedt op 'e iepen tûndra, tichteby swietwetter lykas marren op puollen, mar somtiden wol in hiel ein fan see. It nêst is in mei gers en moast ôfset kûltsje yn 'e grûn. As it wyfke begjint te brieden, foeget se har eigen donkergrize dúnfearkes ta foar isolaasje. In wyfke leit meastentiids 4 oant 6 aaien (mei útsjitters fan 2 oant 7), dy't bleek-olijfgriis fan kleur binne. It wyfke briedt allinnich yn 22 oant 24 dagen de aaien út. Sadree't it brieden begjint, ferlit it mantsje it wyfke om op see te ferfearjen. De jerk hat gjin oandiel yn it grutbringen fan 'e piken.
Fuort nei't de piken út it aai komme, wurde se troch it wyfke nei it wetter brocht. Faak foarmje ferskate wyfkes mei harren piken gruttere groepen, wêrby't wyfkes sûnder eigen jongen helpe by de beskerming tsjin rôfdieren lykas de poalfoks of de snieûle. In iisbear sil net gau efter in ein oan gean, mar kin wol in nêst plonderje.
Jonge fûgels bliuwe faak yn grutte groepen by de folwoeksen wyfkes. Foar it iten moatte jonge fûgels al gau de djipte yn. Se dûke oant tsientallen meters djip om moksels, krabben en seekladden fan 'e boaiem te rispjen. Dat easket in soad enerzjy, dy't se nedich hawwe om waarm te bliuwen yn it iiskâlde wetter. It dûns wurdt al gau ferfongen troch wetterôfstjittende fearren en in tsjokke laach fet ûnder de hûd. Skraitsfûgels en grutte sjouwermannen foarmje op see in bedriging foar de jonge fûgels.
Status
bewurkje seksjeDe IUCN klassifisearret de keningseider op 'e Reade list as net bedrige (Least Concern, 2018). Yn spesifike gebieten meitsje populaasjes lykwols in foarse tebekgong mei. Wichtige bedrigingen kinne klimaatferoaring, fersmoarging en oalje- en gaswinning. Boppedat wurdt yn Grienlân, Alaska en Kanada noch jage op 'e keningseider. In rûzing fan Wetlands International (2015) giet út fan in populaasje fan 800.000 oant 900.000 fûgels.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|

