De brune pilekaan (Pelecanus occidentalis) is in fûgel yn it skaai pilekanen (Pelecanus) út de famylje pilekaanfûgels (Pelecanidae).

Brune pilekaan
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftpilekaaneftigen (Pelecaniformes)
famyljepilekaanfûgels (Pelecanidae)
skaaipilekanen (Pelecanus)
soarte
Pelecanus occidentalis
Linnaeus, 1766
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     wintergast
Oerwinterjende pilekanen oan 'e kust fan Oregon.

De fûgel is foar it measte sulvergriis mei brún mei in wite of wyt mei giele kroan en in kastanjebrune hals. De grieneftige, keale hûd op it gesicht en de kielsek wurde yn 'e briedtiid feller fan kleur. It fearrekleed is by beide skaaien allyk. Brune pilekanen wurde 100 oant 150 sm lang, ha in spanwiidte fan 203 oant 228 sm en binne mear as 3,5 kg swier.

Fersprieding

bewurkje seksje

De soarte komt foar oan 'e Pasifyske kust fan Amearika fan westlik Kanada oant it noarden fan Perû en oan 'e Atlantyske kust fan 'e noardlik Feriene Steaten oant it noarden fan Brazylje. De noardlike populaasje trekke nei it suden.

De fûgel komt algemien foar oan kusten en by mûningen fan rivieren.

Undersoarten

bewurkje seksje

De wurde fiif ûndersoarten erkend.

Undersoarten
OfbyldWittenskiplike nammeFersprieding
P. o. californicuswestlike kustkriten fan 'e Feriene Steaten en westlik Meksiko.
P. o. carolinensisde Atlantyske kusten fan 'e tuskenbeide en tropyske Amearika's
P. o. murphyi:de westlike kust fan Kolombia en Ekwador.
P. o. occidentalis Karibyske kusten fan West-Ynje
P. o. urinator Galapagoseilannen

Hâlden en dragen

bewurkje seksje

Brune pilekanen kinne maklik nuet wurde. It iten bestiet út fisk, dy't fongen wurdt troch te dûken of oars fan it seeoerflak.

De briedkoloanjes lizze meastentiids op eilannen foar de kust. It nêst bestiet út in holte op 'e grûn dat beklaaid is mei fearren en oar materiaal, mar ek konstruksjes fan tûken yn strûken en beammen fan mangroves. Der wurde twa oant trije krytwite aaien lein en de briedtiid is 28 oant 30 dagen. De rôze piken wurde yn 4 oant 14 dagen griis of swart en nei 63 dagen kinne se fleane. Tusken seis en njoggen wiken nei it útkommen fan 'e aaien ferlitte de jonge fûgels it nêst om yn lytse groepen mei oare juvenilen gear te kommen.

Pilekaan mei Paul Krögel as earste opsichter fan it Pelican Island.

Yn 1903 stifte Theodore Roosevelt it earste fûgelreservaat fan 'e Feriene Steaten, it Pelican Island National Wildlife Refuge yn Florida. Dat wie om de brune pilekaan tsjin 'e jacht te beskermjen.

De soarte hat slim te lijen hân fan it brûken fan DDT en tusken 1970 en 2009 waard it bestean fan 'e fûgel yn 'e Feriene Steaten bedrige. Nei't yn 1972 it brûken fan DDT yn Florida ferbean waarde en de rest fan 'e Feriene Steaten letter folge, naam de populaasje fan 'e brune pelikaan wer ta. Oannommen wurdt dat de oantallen fan 'e soarte noch jimmeroan tanimme. De fûgel wurdt dêrfandinne troch de IUCN as net bedrige (Least Concern, 2018) klassifisearre op 'e Reade list.

De brune pelikaan is de nasjonale fûgel fan Sint-Marten, Barbados, Sint-Kits en Nevis, en de Turks- en Kaikoseilannen en de offisjele fûgel fan 'e steat Louisiana.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: