Beauvais is in stêden gemeente yn it noarden fan Frankryk. It is de haadstêd fan it departemint Oise yn 'e regio Opper-Frankryk en fan trije kantons. De hiele stêdekloft hat likernôch 100.000 ynwenners. Beauvais is ek de sit fan it bisdom Beauvais.

Beauvais
Katedraal fan Beauvais
Katedraal fan Beauvais
Emblemen
Bestjoer
Lân Frankryk
regioOpper-Frankryk
departemintOise
Sifers
Ynwennertal55.550 (2023)[1]
Oerflak33.31 km²
Befolkingsticht.1.668 ynw./km²
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten49° 25' N 2° 05' E
Offisjele webside
Side Beauvais
Kaart
Beauvais (Frankryk)
Beauvais
Kaart
Katedraal fan Beauvais

Beauvais leit goed 80 kilometer noardlik fan Parys yn in delte fan in boskeftich heuvelgebiet oan 'e lofter kant fan 'e Thérain, dêr't de rivier mei de Avelon gearrint yn it kultuerlânskip Pikardje.

Byld fan Jeanne Hachette op it Place Jeanne-Hachette.

Yn 'e Romeinske tiid hie Beauvais de namme Caesaromagus. De tsjintwurdige namme stamt fan 'e Gallyske stamme Beilovaci. Yn 'e 9e iuw nei Kristus waard Beauvais in greefskip, dat om 1013 hinne oan it bisdom Beauvais tafoel.

De stêd moast him yn 1346 ferdigenje tsjin 'e Ingelsen, dy't om 1433 noch ris troch de stedsmuorren brieken. Mei de slach fan 1472 tsjin Karel de Stoute, hartoch fan Boergonje, krige de stêd namme troch syn fûle ferdigening ûnder lieding fan Jeanne Hachette. Alle jierren wurdt dy slach noch jimmeroan yn it lêste wykein fan juny betocht mei it Fête Jeanne Hachette. Fan 'e âlde skânsen is lykwols neat mear bewarre bleaun.

Yn 1930 wie Beauvais wrâldnijs doe't op 5 oktober fan dat jier dêr by rûzich waar it yn dy tiid grutste ferkearsloftskip R101 de grûn rekke en yn 'e brân rekke. Fan 'e 54 reizgers ferstoaren der 48.

Yn 'e Twadde Wrâldkriich rekke de stêd by Dútske bombardeminten slim skansearre.

Beauvais is it haadplak (chef-lieu) fan trije kantons. It kanton Beauvais-Nord-Est omfiemet mar in diel fan it stedsgebiet. Ta it gebiet fan 'e kantons Beauvais-Nord-Ouest en Beauvais-Sud-Ouest hearre njonken oare dielen fan 'e stêd by it kanton Beauvais-Nord-Ouest de omlizzende gemeenten Fouquenies, Herchies, Pierrefitte-en-Beauvaisis en Savignies en by it kanton Beauvais-Sud-Ouest de gemeenten Allonne, Goincourt, Saint-Martin-le-Nœud en Aux Marais.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • De katedraal fan Beauvais.
  • Église St-Étienne (Sint-Stefanustsjerke).
  • Biskoplik paleis út 'e 16e iuw (tsjintwurdich it gerjochtsgebou).
  • Oan it Place de l'Hôtel de Ville en yn 'e stegen om de katedraal hinne binne noch hûzen út 'e 12e oant de 16e iuw te finen. It stedhûs datearret fan 1752.
  • MUDO - Musée de l'Oise
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch op dizze side.