Anty-Revolúsjonêre Partij

(Trochferwiisd fan ARP)

De Anty-Revolúsjonêre Partij is as rjochting om 1830 ûntstien ûnder lieding fan Guillaume Groen van Prinster. 'Anty-revolúsjonêr' ferwiist nei it fersmiten fan de begjinsels fan de Frânske Revolúsje.

It logo fan de ARP
Portret fan Abraham Kuyper troch Jan Veth

Yn 1878 waard it ta partij organisearre troch Abraham Kuyper en wie it de earste politike partij fan Nederlân. As begjinselprogram waard "Ons Program" skreaun. Yn Fryslân bestie grutte sympaty foar de antyrevolúsjonêre begjinsels by de rjochtsinnige protestanten. De earste AR-kiesferiening waard yn 1852 oprjochte yn Ljouwert. Troch de Doleânsje ûntstie ferwidering. Foar de AR-partij oer kaam de CHU te stean, oprjochte troch herfoarme predikanten. Sûnttiids wiene de AR en de grifformearden hast identyk.

By de ferkiezings fan 1956 helle de AR yn Fryslân 22% fan de stimmen (yn Nederlân hast 10%). Yn de Steaten wiene doe 12 fan de 50 sitten troch antyrevolúsjonêren beset. De AR-Partij wie it sterkst yn de Dongeradielen, Dokkum, Dantumadiel en Kollumerlân.

It Provinsjaal Bestjoer bestie út 185 leden (út elke kiesferiening ien ôffurdige). It Deistich Bestjoer waard foarme troch 10 leden. In AR Propaganda Kommisje soarge foar lektuer, films, kursussen en sprekbeurten (22 leden). De froulju hiene in AR Froulju Aksje (allinnich yn Fryslân) en de jongerein wie yn de (lanlike) ARJOS organisearre. It oantal leden yn Fryslân wie 12.938 (1956). De partij hie in provinsjaal buro mei in besoldige siktaris.

Kristen Demokratysk Appèl

bewurkje seksje
Lêste gearkomst fan de ARP oer it opgean yn it CDA: Hans de Boer (r), d%erneist f.l.n.r. Bukman, Van Houwelingen en Kuiper

Yn 1967 wie de ARP tegearre mei de Kristlik-Histoaryske Uny (CHU) en de Katolike Folkspartij (KVP) yn petear oer hoe't 'Kristlike polityk' der útsjen moast. De fraksjelieders Biesheuvel, Mellema en Schmelzer kamen op telefyzje om it motto samen uit, samen thuis te ferdúdlikjen. Under lieding fan Piet Steenkamp rjochten de trije partijen yn 1973 it Kristen Demokratysk Appèl (CDA) op. Yn 1980 waarden ARP, CHU en KVP opheft. De ARP gie fierder mei in katolike partij wylst men yn de jierren 50 noch in lichte wjersin foar katoliken oer hie.

Leden Anty-Revolúsjonêre Partij[1]
JierOantal ledenJierOantal leden
23 febrewaris 194686.50031 desimber 196790.904
1950102.73731 desimber 196887.378
195598.02831 desimber 196983.127
31 desimber 195695.03831 desimber 197080.695
31 desimber 195797.18631 desimber 197174.118
31 desimber 195899.3401 jannewaris 197369.742
31 desimber 195999.6131 jannewaris 197465.116
31 desimber 196097.9801 jannewaris 197561.761
31 desimber 196198.5441 jannewaris 197659.495
31 desimber 1962100.8471 jannewaris 197757.661
31 desimber 196398.0161 jannewaris 197857.642
31 desimber 196495.7961 jannewaris 197956.405
31 desimber 196594.1641 jannewaris 198054.500
31 desimber 196693.398

Resultaten by parlemintsferkiezings

bewurkje seksje

1918: 13,4 %

1922: 13,7 %

1925: 12,2 %

1929: 11,6 %

1933: 13,4 %

1937: 16,4 %

1946: 12,9 %

1948: 13,2 %

1952: 11,3 %

1956: 9,9 %

1959: 9,4 %

1963: 8,7 %

1967: 9,9 %

1971: 8,6 %

1972: 8,8 %

Antyrevolúsjonêre ministerpresidinten

bewurkje seksje

Partijfoarsitters

bewurkje seksje

Keppeling om utens

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J. H. e.o. - Encyclopedie van Friesland, 1958. Antirevolutionaire Partij
  • H. Colijn - Saevis tranquillus in undis (Amsterdam, 1940)
  • Jaarboekje van de AR Partij in Friesland
  1. ARP - ledentallen (Documentatiecentrum Nederlandse Politieke Partijen)