s-Gravenpolder is in doarp yn 'e gemeente Borsele yn 'e Nederlânske provinsje Seelân. It doarp hat 4.631 ynwenners (2026) en is dêrmei de twadde kearn fan 'e gemeente. Oant 1970 wie 's-Gravenpolder in selsstannige gemeente.

's-Gravenpolder
Sint-Martinustsjerke
Sint-Martinustsjerke
Symboalen
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Seelân
GemeenteBorsele
Sifers
Ynwennertal4.631 (2026)[1]
Oerflak7,99 km², wêrfan wetter: 0,16 km²
Hichte1 m
Oar
Postkoade4431
Netnûmer0113
Kaart
's-Gravenpolder (Seelân)
's-Gravenpolder
Kaart
Sint-Martinustsjerke
's-Gravenpolder yn 'e gemeente Borsele.

Noardlik fan 's-Gravenpolder rûn eartiids de súdgrins fan it greefskip Hollân. Seelân wie doe noch in gebiet dêr't de greven fan Hollân en de greven fan Flaanderen om fochten. Yn 1316 joech greve Willem III fan Hollân opdracht om de kwelders foar de kust fan Voortrappen te bedykjen. De nije polder waard "des Graven poldere van Voortrappen" neamd en bleau oant 1430 yn it besit fan 'e greven fan Hollân. De delsetting dy't yn de polder ûntstie krige ynearsten deselde namme, mar de tafoeging Voortrappen ferdwûn doe't dit plak ûntfolke rekke. Voortrappen lei oan De Zwake, in see-earm dy't de eilannen Borselen en Súd-Bevelân fan inoar skate. Yn 1445 waard by 's-Gravenpolder in daam dwers troch De Zwake lein (de hjoeddeiske Lenshoekdijk), wêrtroch't beide eilannen mei-inoar ferbûn waarden.

Ambachtshearlijkheid

bewurkje seksje

Yn 'e Gravenpolder stie it kastiel Poelvoorde, dat yn 1386 neamd waard doe't eigner Claes van Borsele van Cortgene it slot oerdroech oan greve Albrecht fan Beieren en it wer yn lien werom krige. Mooglik wie Claes belutsen by it behear fan 'e polder út namme fan 'e greve. De ambachtshearlijkheid 's-Gravenpolder waard yn 1430 troch grevinne Jakoba fan Beieren yn lien jûn oan har hofmaster, Willem de Bye. Yn 1438 ferkocht hy de hearlikheid wer. Wannear it kastiel Poelvoorde ferdwûn, is net bekend.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
Mottewier 't Hof Blaemskinderen.
  • Noardlik fan 'e doarpkearn leit de stinswier (vliedberg) 't Hof Blaemskinderen, likernôch 5 meter heech, mei boppe-op in linebeam.
  • Midden yn it doarp stiet de goatyske Sint-Martinustsjerke út de 14e iuw.
  • Oan 'e râne fan it doarp stiet mûne "De Korenhalm" út 1876, dy't noch jimmeroan yn gebrûk is.
  • Súdlik fan it doarp leit it natoergebiet de Zwaakse Weel.

In grut part fan 'e befolking fan 's-Gravenpolder is lid fan de Grifformearde Gemeente. De Elimtsjerke fan dit tsjerkeferbân is mei 1524 sitplakken ien fan 'e gruttere tsjerken fan Nederlân. By de Twadde Keamerferkiezingen fan 2025 helle de SGP hast likefolle stimmen as alle oare partijen byinoar.[2]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Plakken yn 'e gemeente Borsele
Doarpen:

BaarlandBorsseleDriewegenEllewoutsdijk's-Gravenpolder's-Heer Abtskerke's-Heerenhoek's-Heer Hendrikskinderen (foar in part) • HeinkenszandHoedekenskerkeKwadendammeLewedorpNieuwdorpNisseOudelandeOvezande

Buorskippen:

BaarsdorpBakendorpCoudorpeGraszodeKnaphofKoekoekLangeweegjeHet OudelandRijkebuurtScheldeoordSinoutskerke't VlaandertjeDe Zak

· · Berjocht bewurkje